Yn Memoariam Gys Miedema (1951-2001)
Ynlieding - As in wurd my meinimt - door Syds Wiersma
Op 22 febrewaris 2001 ferlear Ljouwert in markante stedsdichter, de aforist Gys Miedema. It boek dat foar jo leit is dêrom bysûnder. It is de postume seleksje út net-publisearre wurk fan Gys Miedema. It is foar it grutste part wurk fan nei 1999, doe’t er Dijkschaap publisearre, syn lêste bondel mei aforismen. Hoewol’t er benammen bekend waard as aforist, begûn Gys as dichter en skreau er yn de jierren njoggentich opnij gedichten en ek lieten. Fan syn lieten bestean gjin publikaasjes, fan syn gedichten inkele bondeltsjes yn eigen behear (sjoch de list mei publikaasjes achteryn dizze bondeloan ’e ein fan dizze ynlieding), en twa fersen yn literêr tydskrift Hjir (1994, nû. 5). Krekt foar Gys syn dea hienen wy it deroer hân om it bêste fan syn wurk te bondeljen en twatalich út te jaan. Dy tiid wie him spitigernôch net gund. Nei syn dea hawwe dochter Janny Miedema, suster Tineke Kramer-Miedema en ûnderskreaune it lizzende, net-publisearre wurk fan Gys sammele, lêzen en selektearre. Dit boek is de útkomst fan dat proses, dat lang, persoanlik en soms ek emosjoneel wie. It hat ús holpen by it ferwurkjen fan it ferlies.
It wie net maklik om ta in definitive seleksje fan it lizzende wurk te kommen. Selektearje giet altyd oan it hert, hielendal as jo de skriuwer persoanlik kend hawwe en it mindere wurk dêrom dochs wurdearje kinne, om oare redenen as literêre. Yn earste ynstânsje wienen wy fan doel om njonken aforismen en gedichten ek in seleksje út de lieten op te nimmen. Uteinlik hawwe wy dêr fan ôf sjoen, omdat wy de literêre kwaliteit fan sels de bêste lieten ûnfoldwaande fûnen en bang wienen dat se it dichterskip dêr’t aforismen en poëzij fan tsjûgje, oerskaadzje soenen. Om famylje, freonen en kunde yn ’e mjitte te kommen hawwe wy in kopy-boekje makke mei in seleksje út de lieten. It boekje waard útdield by de oanbieding fan de bondel yn it tsjerkje fan Blessum op 14 novimber 2009. Foar belangstellenden is it lieteboekje by útjouwerij Frysk en Frij te bestellen.
Wa’t troch foarlizzende bondel yn ’e besnijing fan Gys syn skriuwerskip komt en mear lêze wol, dy ferwize wy nei de list fan publikaasjes achteryn de bondel. It measte fan syn wurk kaam yn eigen behear út en is min te besetten. Mar der kin altyd kontakt mei útjouwerij Frysk en Frij opnommen wurde. Dy hat noch inkele titels op foarrie en kin yn it oare gefal nei de gearstallers fan de bondel trochferwize. Fierders, foar de echte sneupers, it wurk dat wy by it tarieden fan de bondel oan kant skood hawwe, wurdt bewarre yn de katakomben fan Tresoar.
‘Onze grote omhelzer’
Gys is in bekende ferskining yn de stêd Ljouwert. Jierrenlang docht er alles rinnende, omdat syn medisinen meitsje dat er himsels op ’e fyts net fertrout. As er him goed fielt, makket er maklik kontakt mei ferskate soarten minsken: fan galeryhâlders oant dakleazen. Sjochst him eins noait sûnder plestiktas, dêr’t er bondeltsjes fan himsels yn meitôget om, as de gelegenheid him foardocht, fan út te dielen of te ferkeapjen. Tsjin de middeisoere hat er syn fêste loop fan hûs (de Kaserne) nei it ‘Ynrinhûs’ oan it Skavernek, dêr’t er tusken de middei faak yt, om dan fierder nei de aktiviteitebegelieding middeis oan de Willemskade. Oan ’e ein fan ’e middei bedarret er geregeld by kafee Silberman om syn aforismen te skriuwen. Syn fêste gong troch de stêd hat er sels sa typearre:
Dichter
Een bos wild grijs haar,
een slordig geschoren kin.
Een buik die de blouse beweegt.
Ogen met wallen van drie uur slaap,
meer kijkt u er op een nacht niet van af.
Een paar snelle benen, al naar gelang de stemming.
Refrein
Een profiel van een dichter,
nooit aan gedacht.
Zo had u zo iemand
toch niet voor u gezien.
Laat in de morgen
schrikt hij van het schrale licht.
Zijn ogen zien de hoge zon,
’t eerste uur is geheel niet zijn veld.
De ochtendstond heeft rot in de mond.
De paar snelle benen brengen hem naar zijn maaltijd.
Als de middag klaart,
is hij hersteld van de schrik,
maar blij met het licht is hij niet.
Tegen de avond daagt zijn plezier,
grijpt naar het papier als was het zijn lief.
Hij stemt niet af op slechts één woord, maar op allemaal.
Hij werkt tot twaalf uur,
weet wat de ochtend hem brengt:
de naweeën van die avond.
Hij weet dat het zijn hals is die hem
kan nekken als een vergelijking niet loopt.
Toch leest hij het al vers gretig aan bekenden voor.
(sjoch lieteboekje, s….)
In oar fêst adres is it ‘Oanrinhûs’ yn de Beginestrjitte. Under de earmen en dakleazen, en dejingen dy’t har net út ’e wei gean, fielt er him wolkom. Sels is er earm noch dakleas. Mei in WAO-útkearing en in lyts eigen fermogen kin er der goed fan komme. Hy libbet sober mar gunt himsels alle jierren in pear wiken fakânsje op in súdlik eilân. Foar letter, as syn beide bern studearje wolle, hat er in sparpotsje.
Gys dielt syn rykdom graach: syn literêr wurk, syn laits dy’t heech skatterje kin, syn hûs foar freonen, mar foaral ek syn earms. De meiwurkers fan it Ynrinhûs typearje him yn har rouadvertinsje prachtich as ‘Onze Grote Omhelzer’. Foarbylden fan Gys as ‘omhelzer’ binne der by ’t soad: It kofjesetapparaat dat er keapet foar in jonge frou dy’t er út it Oanrinhûs ken en dy’t krap by kas sit; dy wiken dat er sels op reis is mar in jonge fint út it Cric (‘Crisis Interventie Centrum’), dy’t er eins mar heal kin, yn syn hûs wenje lit; it Yn memoriam foar Boefie, de bekende Ljouwerter swalker dêr’t er geregeld even in praatsje mei makket; it bosk blommen út it Rengerspark dat er plôket foar ien fan syn susters op ’e psychatrise ôfdieling fan dan noch MCL-Noard.
Koarte biografy
Gys wurdt berne op 24 febrewaris 1951 yn Deinum, of leaver sein op It Holt, it streekje huzen oastlik fan it doarp oan it spoar nei Ljouwert. Hy is de jongste fan de fiif bern – ien famke en fjouwer jonges – dy’t Ype en Neeltsje Miedema-Vellinga op ’e wrâld sette. It is in boartlike jonge mei in grutte fantasij. Syn ferstân is goed mar op skoalle kin er it net fine, ta grutte argewaasje fan heit dy’t mient dat er syn talinten net goed brûkt. Om syn sechtjinde hinne rekket er yn in psychoaze. Hy kriget in sliepkuer en fierders wurdt der net folle oan dien. Omdat er earder thús en op skoalle al in soad problemen hân hat, komt er by syn broer Folkert yn Arnhim yn ’e kost. Dêr slagget it him om syn diploma MULO B te heljen. Dan komt er op ’e MTS yn Ljouwert, mar dêr rêdt er it net. Hy giet oan ’t wurk, earst by de Ljouwerter Papier Fabryk, dan op in fersekeringskantoar.
Op syn ienentweintichste moat er op ’e nij opnommen wurde. Yn it MCL moetet er Margo Slotboom. Se trouwe yn 1973 en wenje achterinoar yn de Gysbert Japicks-, de Maria Louise- en de Vredeman de Vriesstrjitte yn Ljouwert. Gys hat wurk op ’e Sosjale Wurkpleats en leart letter it fak fan offsetdrukker by it Friesland College. Yn 1980 wurdt Janny berne; twa jier letter Ype. De situaasje is lykwols net maklik. Tuskentroch moatte Margo en Gys beide inkele kearen opnommen wurde. Yn in uterst besykjen om as gesin byinoar te bliuwen, beslute se om op de Bulahhoeve yn Stienwyk in skoft ûnder begelieding te wenjen en te wurkjen. It slagget net. Yn 1986 nimme se it beslút om te skieden.
Nei de skieding kiest Gys derfoar om inkele jierren begelaat te wenjen, earst op ’t Hearrenfean en dan yn Snits. As er him fertroud genôch fielt om wer op himsels te wenjen, ferhuzet er werom nei Ljouwert. Hy hat dêr in appartemint yn de Kaserne op de Amelânsdwinger. Margo wennet ûnderwilens mei de beide bern yn de wyk Bilgaard. Gys komt dêr geregeld en wykeins binne de bern faak by him.
Yn dizze drege jierren tachtich fynt de skriuwer Gys Miedema syn foarm. Hy ûntdekt it aforisme, begjint yn eigen behear te publisearjen, slút him oan by skriuwersrûntsjes, skriuwt persoanlikheden yn de wrâld fan it aforisme oan (Gerd de Ley, Theun de Vries), korrespondearret mei har en besiket ferskate útjouwerijen safier te krijen om syn wurk út te jaan.
De literêre trochbraak
Yn 1973, it jier dat er mei Margo trout, publisearret Gys syn earste bondeltsje gedichten, Gevoelens uit Gys (eigen behear). It is foar in grut part dûnkere poëzij, mei in soad eangst, lilkens, moedeleazens, iensumens. It hunkerjen nei leafde is grut, want: ‘Nooit heb ik liefgehad, zelden heeft iemand mij geliefkoosd.’ Op inkele plakken brekt de leafde troch, benammen as er bern beskriuwt en dêr’t it alternatyf om skriuwer te wêzen daget. Der is in begjin fan in besykjen om it libben in kear te jaan: ‘Vroeger mislukken,/nu niet altijd gelukken./Maar toch:/ Het geleefd worden/ tracht te leven.’
Om 1980 hinne begjint Gys mei it skriuwen fan aforismen. Yn in fraachpetear mei Jitske Kingma yn de ‘Leeuwarder Courant’ seit er dêr it folgjende oer: ‘De gedichten dy’t ik skreau waarden hieltyd koarter en op ’t lêst hie ik mar ien rigel oer. Ik tocht: dat kin nea en haw se ris oan in learaar Nederlânsk lêze litten. Dy sei: dat binne aforismen.’ De Nederlânske learaar wie Dolf Bosch. Dy sil in wichtige rol spylje yn Gys syn literêre ûntwikkeling (sjoch fierderop).
It duorret oant 1983 ear’t Gys syn earste aforismen publisearret, dan noch yn kombinaasje mei poëzij: Frontaal (eigen behear). Dêr toant de lettere master him al: ‘Geluk is een kind dat in z’n duim een hemel vindt.’ Mar ek as dichter is er groeid: ‘Hierboven laat ik nog wat ruimte/voor het ongeboren woord./Voor de gedachte die/vandaag nog niet kan worden/gehoord.’ Nei Frontaal folget Andermaal Frontaal (1988). Deselde formule: aforismen yn kombinaasje mei fersen. Mei Gel (1989) is de aforist echt los. It is Gys syn earste bondel mei inkeld aforismen (59 stiks). Dat wurdt opmurken. Henk van der Veer meldt yn ‘Het Sneker Nieuwsblad’ dat der achter Gel in talintfol dichter skûlet. Hy sitearret de rigels dy’t yndie sjen litte de aforist noch altyd dichter is: ‘Ik ben niet verlegen om woorden, wèl om de juiste.’
Underwilens bliuwt Gys oan it sykjen nei poadia en kontakten. Hy docht mei oan it Jouster dichterskollektyf ‘Fedde Schurer’. En hy stjoert wurk op oan Gerd de Ley, in autoriteit op it mêd fan koarte siswizen en aforismen yn it Nederlâns-Flaamse taalgebiet. De earste reaksje fan De Ley datearret fan 8 novimber 1988. Hy skriuwt dat er ûnder de yndruk fan de aforismen is. ‘Het beviel mij zeer. U waagt zich op het glibberige pad van de Oosters getinte filosofische aforismen. Meestal leg ik zulke collecties van onbekenden na twee regels terzijde. Je ruikt van ver de muffe geur van plagiaat en gebrek aan “personal touch”. Niet zo bij Miedema. Wel degelijk een persoonlijke toets én visie. En zelfs humor. Het heeft mij erg geboeid.’ De Ley freget oft er guon fan de aforismen publisearje mei en hy riedt Gys útjouwerij Kairos oan.
Blykber ûndernimt Gys fuortdaliks aksje, want de negative reaksje fan Kairos redakteur Arjen de Groot datearret fan noch gjin oardel wike letter (17 novimber 1988): ‘Het is weinigen gegeven (vooral in Nederland naar het schijnt) om goede aforismen te schrijven, maar u verstaat die kunst buitengewoon goed. De gedichten vind ik niet zo opmerkelijk, maar de aforismen zijn heel helder, krachtig en verrassend.’ De Groot leaut trouwens net dat Gys beynfloede is troch Oasterse filosofy, wat er goed sjocht. Lykwols, Kairos fynt dat it soarte aforismen dat Gys skiuwt net yn har profyl past. De útjouwerij is inkeld ynteresearre yn ‘teksten die als richtingaanwijzer kunnen dienen om uit de verwarringen en de pijn van het leven te geraken’ en fynt de measten fan Gys ‘nogal somber en cynisch’. Dit is it begjin fan in reis by ferskate útjouwerijen lâns, dy’t útrinne sil op De Koofschep yn Hilversum. Dêr ferskynt yn 1990 Koprol, in bondel mei 125 foar in grut part nije aforismen. Guon dêrút sille letter ‘klassikers’ wurde, alteast yn de rûnte fan bewûnderers:
Een levenslijn trekt men niet langs een lineaal.
Een hart telt vermoedelijk méér dan twee kamers: er wordt veel onderverhuurd.
Vrees de nacht niet, hij is niet meer dan een schaduw.
Wie zijn gelijke niet gevonden heeft, moet zichzelf nog tegenkomen.
It kontakt mei Gerd de Ley hâldt oan en sil fan grutte betsjutting wêze foar de ûntjouwing fan Gys as aforist. Fan 1989 ôf begjint er mei grutte regelmjittigheid rigen nije aforismen op te stjoeren oan De Ley en dy stjoert trou syn kritiken werom. Dat giet al gau yn de foarm fan krúskes: aforismen dêr’t in krúske achter stiet binne goed; twa krúskes betsjut hiel goed. De Ley, dy’t besoarger is fan it Standaard Modern Citaten Boek, begjint aforismen fan Gys op te nimmen yn nije printingen fan dat wurk. Sa skewiele se elkoar. Ien kear yn ’t jier reizget Gys mei de trein nei Antwerpen en dan wurdt de fruchtbere bân yn de stasjonsrestauraasje beklonken.
Mar Gys hat mear kritisy foar him yn ’t spier, bygelyks Theun de Vries. Dy reagearret op 11 jannewaris 1990 foar it earst op de bondeltjes dy’t him blykber tastjoerd binne. It is net dúdlik oan wa’t De Vries syn kommentaar rjochtet (it liket oan in tredde), mar hy typearret wurk en persoan tige goed: ‘De publicaties van Gys Miedema met genoegen gelezen. Hij is een filosofisch dichter, dicht dikwijls treffend, filosofeert met een dosis ironisch verstand. De gedichten troffen mij minder dan de aforismen. Die zijn mooi doordacht, soms sarcastisch, vaak verrassend. Typisch éénmans-werk: de auteur schijnt in een eigen wereld te leven. Het veelvuldig voorkomen van het woord woord/woorden wijst op een grote gevoeligheid, een zekere schroom voor communicatie, maar ook op de macht van het zwijgen (=afschermen), die G.M. erkent. Veel talent.’ In twadde brief út Gys syn neilittenskip datearret fan 4 juny 1991. Dy is oan de dichter persoanlik rjochte: ‘Mijn excuses dat u dit antwoord op uw schrijven van 29-4 pas nu ontavngt. Ik word oud en de tijd en energie voor mijn bezigheden krimpen, terwijl alles dubbel zo lang duurt! U kent mijn mening over uw aforismen. Ook de ingeslotene maken daarop geen uitzondering. Een intens nadenken over het bestaan, een goede dosis skepsis (dat moet zo zijn bij aforismen), toch een milde houding t.a.v. de medemens, summiere formulering.’ Blykber hat Gys de nestor foarlein dat er it sjenre fan it koarte ferhaal oan it besykjen is of ris besykje wol, want De Vries skriuwt ek: ‘Ik voel dat, nu U zo bent toegespitst op de superkorte vorm, het moeilijk is om een verhaal te schrijven. Toch succes met uw poging gewenst!’ Yn in fraachpetear hat Gys oait ek sein dat er graach ferhalen skriuwe woe. It is my net bekend oft er dat serieus besocht hat. Bûten proaza-eftige oantekens haw ik gjin ferhalen yn syn neilittenskip fûn. Wat de fierdere korrespondinsje mei Theun de Vries oanbelanget, oare brieven fan De Vries oan Gys sitte der net yn Gys syn neilittenskip, alteast foar safier ’t ik neigean koe.
Yn Fryslân brekt Gys troch as er fan 1991 ôf aforismen yn Frysk en Frij begjint te publisearjen, earst yn de krante en letter yn it magazine. Se wurde yn it earstoan troch Klaas Bruinsma oerset en troch einredakteur Goasse Brouwer yllustrearre. Ut it begeliedend kaartsje fan Bruinsma by de earste rige oersettings sprekt, opnij, wurdearring: ‘Op Jo fersyk hjir myn oersetting fan 40 aforismen fan Jo, alteast it besykjen dêrta. Ik hoopje dat de ferfrysking Jo nei ’t sin is. Ik ha my yndied sa trou mooglik oan it origineel hâlden, mar dat kin net altyd. Ik ha my fermakke mei Jo tûkens en foarmlustigens op it mêd fan […] wurdboarterijen benammen. In puntige formulearring is gauris in tour de force intellectuel.’ Njonken Klaas Bruinsma sille Goasse Brouwer en Tsjisse Hettema oersettings fan Gys syn aforismen meitsje.
De aforismen dy’t yn Frysk en Frij ferskine wurde bondele yn twa nijsgjirrige boekjes, Spjeldepripkes (1992) en Omwrotters (1996). Spjeldepripkes is in ferhaal apart. It sil Gys rûnom yn Fryslân bekendheid jaan. It lytse reade boekje, mei trije wite spjelden op ’e foarkant, ferwizend nei de titel en it tal fan 111 aforismen, komt by mannich boekhannel yn Fryslân op ’e toanbank te lizzen. It is in aforisme op himsels: in eyecatcher, in lyts pakkedinkje, in bûsestekkerke, dat der as presintsje maklik by giet. Spjeldepripkes sil twa werprintings krije (1993, 1996). De earste printing telde twatûzen eksimplaren, de werprintings elk tûzen; unike sifers yn de Fryske literatuer. Inkele hichtepunten út Sjeldepripkes:
Gâns tinzen besteane by de graasje fan ’e anonimiteit.
Betinke mei in keunst hjitte, ferjitte is in gruttere.
As alles goud is wat der blinkt, binne wy stienearm.
Somtiden is in fraach it iennichste goede antwurd.
In moaie dream is de skûmkraach fan it ûnderbewuste.
Diele kin in tragyske wize fan fermannichfâldigjen wêze.
Ek fertsjinne spoaren litte groeden nei.
In V-teken kin licht ien de eagen útstekke.
De midden is in skier ûntwyk.
As de wierheid bedekke koe, die hja dat trochsichtich.
It folgjen fan in oar syn dream is gauris in nachtmerje.
Many: twirjende moaiskyn.
De striid mei fjouwer muorren wurdt beslist troch it plafond.
Soe men de mins omlynje, de pen skeat út.
Yn it finen herkenne wat men socht is libbenskeunst.
Wa’t nergens op stiet, sit meastal ek net noflik.
De spjeldepripkesformule wurdt werhelle mei Omwrotters (1995), mar dat hellet it
net by de ienheid fan foarm en ynhâld dy’t Spjeldepripkes is. Fan Omwrotters wurdt net
genôch ferkocht om in werprinting mooglik te meitsjen. De ‘hype’ Gys Miedema liket wat
oer.
Yn 1996 en 1999 ferskine de beide Nederlânsktalige bondeltsjes Thermiek en Dijkschaap by Frysk en Frij. It earste is in seleksje út eardere bondels, makke troch freonen en kunde. Dijkschaap bestiet út nij wurk. Oars as Spjeldepripkes en Omwrotters soarget Gys no sels foar de distribúsje. Hy wurdt wer mear wat er earder wie: útsuteler fan eigen wurk. Dat docht fierders neat ôf oan de kwaliteit fan de beide bondeltjes. Terjochte stiet der op ’e achterflap fan Thermiek: ‘Hoe men de aforismen van Gys Miedema (Deinum, 1951) ook zou willen beoordelen, hij is zeker geen zondagsaforist: Het aforisme is voor hem dé uitdrukkingsvorm van zijn schrijverschap […] Door de eis van verdichting, die de poëzie aan haar beoefenaar stelt, ontdekte hij het aforisme, door welke hij als schrijver leerde ademen.’
De aforist en de dichter
Gys Miedema neamde himsels aforist. Hy hat him der lykwols altyd bewust fan west dat it aforisme as literêr sjenre net troch elkenien serieus nommen wurdt. Gjin literator sil de literêre wearde fan in goed aforisme betwifelje. It seit himsels dat it in keunst is om yn ien, twa rigels de lêzer te reitsjen, oft dat no gebeurt troch wiisheid, humor, skerpsinnigens, irony, paradoks, spiritualiteit, of in kombinaasje fan soksoarte mooglike skaaimerken fan in goed aforisme. Mar, sa’t Jef Geeraerts oait sei: ‘Het is kleinkunst zonder adem, te versnipperd, te mozaiekachtig.’ Oars sein, in goed aforisme is wis en wrachtich literêr, mar it sjenre is net gaadlik om as skriuwer yn te bestean. It is te beheind om jin folslein yn út te drukken. Neffens Geeraerts kinne jo gjin aforist wêze, lykas jo dichter, essayist, roman- of toanielskriuwer wêze kinne. It is in ‘mineur-sjenre’, seit Jan Deloof: ‘de inherente beperkingen zijn zo groot dat er voor mijn gevoel geen allerhoogste letterkundige toppen mee te bereiken zijn.’ Aforismen komme op ûnder it skriuwen wei, se binne part fan in literêr wurk, mar der grutte literatuer mei bouwe is ûnmooglik.
Gys hat him altyd tsjin sokke fisys te war set. Hy fynt dat hysels it bewiis is dat it wol kin, aforist wêze. Hy is it alle dagen wer en bout in oeuvre aforismen. Dêrmei fertsjinnet er yn de eagen fan Gerd de Ley de titel ‘Nederlands aforist’. Sa alteast wurdt er typearre yn de yndeks fan De Ley’s Groot Wijsheden Boek (1994), dêr’t syn namme pronket tusken grutheden út ’e wrâld fan keunst, literatuer, wittenskip en polityk. Dat it yn de literatuer gjin gewoane mar ek gjin útsûnderlike kar is om aforist te wêzen bewiist it feit dat der njonken Gys noch krapoan hûndert oare auteurs yn it ‘Groot Wijsheden Boek’ sitearre wurde, dy’t ek de typearring ‘aforist(e)’ krije (yn guon gefallen njonken oare typearrings, meast ‘dichter’ mar bygelyks ek ‘sakeman’, ‘politikus’, ‘senuwarts’). It seit in soad oer De Ley syn wurdearring foar it wurk fan Gys dat er ûnder de aforisten dejinge is dy’t op trije nei it meast sitearre wurdt. Allinnich fan de Vlaamse aforist Peter Darbo, de Nederlânse aforist Toon Verhoeven en Gerd de Ley sels binne mear aforismen opnaam. Boppedat is Gys mei 32 aforismen faker sitearre as guon Nederlânse auteurs dy’t bekend binne om harren aforistysachtige útspraken: Bomans, Buddingh, Carmiggelt, Fons Jansen, Freek de Jonge, Komrij, Van Kooten, De Bie, Reve. En as dat noch net genôch seit oer it plak dat De Ley Gys tabedielt, Alexander Pola en hy binne mei likefolle wysheden fertsjintwurdige. Tusken de aforismen dy’t fan Gys opnommen binne, steane juwieltsjes as:
Een leraar zou moeten dansen voor de klas, leerlingen houden van stappen.
Mensen zouden moeten broeden op spiegeleieren.
Als de muren op je afkomen, open dan de deuren van je hart.
Als dromen je leven beheersen, probeer dan eens te slapen.
Schrijf verleden of toekomst bij voorkeur met een kleine letter.
Wie de laatste bus mist, haalt met gemak de eerste.
Wantrouw alles wat bijna aan de waarheid raakt.
Wie de klos is, moet een draad zoeken.
Wacht u voor elke meerderheid, die voorheen een minderheid vormde.
Met het V-teken kun je gemakkelijk iemand de ogen uitsteken.
Verwaarloos de schelp niet waarin de parel zich vormde.
Gys wie aforist en woe as aforist sjoen wurde. Dochs moat opmurken wurde dat it ek in kar wie út need ûntstien. Lykas sein, Gys begjint as dichter. Mar syn syktebyld makket it him ûnmooglik om it as dichter lang op fuotten te hâlden. It proses fan it skriuwen fan poëzij, dat lange azem freget en gjin persoanlike distânsje fernearet, en dêrmei in gruttere oanslach op de emosjonele ynset fan de skriuwer docht, fynt Gys te swier. Yn ’e tiid dat wy elkoar kennen leare, is Gys syn âlde poëzij oan it bondeljen (Architect. 1973-1993) en begjint er nije poëzij te skriuwen (Lakens voor de zon; In streek fan swijen), mar al rillegau nimt er it beslút om him wer te beheinen ta it aforisme. Hy leit my út dat dichter wêze foar him ‘killing’ is. It ôfmeitsjen fan in gedicht jout him tefolle ûnrêst en ûngeduerichheid. Boppedat, de medisinen dy’t der foar soargje dat emoasjes der fierhinne ûnder holden wurde, sitte him te bot yn ’e wei om de iepenheid fan de dichter opbringe te kinnen. Foar himsels hat er wer even bewiisd dat er noch dichter is en dat is op dat stuit genôch.
It sil nimmen fernuverje dat Gys as dichter op syn sterkst is, wêr’t er him beheint ta de koarte foarm. Hy hat in pear prachtige haikû skreaun en guon koarte, frije gedichten dy’t der wêze meie. As er langer fan stof wurdt, ferliest er de ‘macht fan it swijen’, om it mei Theun de Vries te sizzen. Dêrom binne syn lieten literêr sjoen it minst ynteressant en hawwe wy dy, lykas earder sein, net yn dizze bondel opnommen. Syn lieten wienen Gys lykwols tige dierber. Begryplik, omdat dy it measte ego-dokuminten binne: dêryn skriuwt er it frijst en iepenst oer syn proses. Yn de koartere foarmen, seker it aforisme, wie dat folle minder mooglik.
It is folslein dúdlik dat it skriuwen fan aforismen syn lettere poëzij posityf beynfloede hat. Yn ferliking mei Gevoelens uit Gys en de beide bondels út de jierren tachtich mei gedichten en aforismen binne de lettere gedichten minder opleine ego-dokuminten en ûnderskiede se har troch mear distânsje en de keunst fan it weilitten. Neffens my is er as dichter op syn sterkst yn koarte, frije fersen, benammen as dat haikû-eftige ympresjes binne, absurdistyske waarnimmings, of yn poëzij ferklaaide aforismen. Fan elk in foarbyld, foarôfgien troch in echte haikû.
Naakt voor de ander
kleedde de hemel hem aan,
werd hij gelouterd.
(s…..)
Rike simmer
De beammen binne
hast klear mei útklaaien.
Ik waskje my yn
de earste winterdau.
Sjoch in inkeld blêd
dat fan gjin wiken wit.
Silhûet fan in rike simmer.
(út: In streek fan swijen, s. 5)
Het hoofd
Ik zag een hoofd
liggen op straat.
Het sprak met gemak
over zijn gebrek.
Wist zich niet gedragen.
Werd zelfs geschopt,
door iemand
die onvolledigheid
haatte.
(út: Lakens voor de zon, s. 18)
Zicht
(fragmint)
(…)
Een denken
zonder zicht
op varianten.
Toen ze
steken lieten vallen,
toonden ze onbedoeld
hun naaktheid.
(út: Lakens voor de Zon, s. 22)
Freon Gys
Yn 1993 leare Gys en ik elkoar kennen. It is op in literêre jûn yn it Skriuwershûs fan it eardere Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD). Gys hat aforismen foarlêzen en ik gedichten út myn debútbondel. Nei ôfrin komt er op my ta en fertelt dat er ek gedichten skriuwt. Oft ik der nocht oan haw om ris by him del te kommen en dy te lêzen. Typysk Gys. Hy is mear as in skriuwer. It hâldt by him net op mei skriftlike delslach. Dan begjint it pas en wurdt it papier middel ta kontakt. Wy wurde freonen. Ik wurd boppedat ien fan syn fêst telefoanpublyk. As er wat skreaun hat – en dat is eins alle dagen –, grypt er jûns nei de telefoan en bellet lju út it fêste rûntsje. As ik minder loovjend bin oer syn produksje en kritykpunten haw, dan akseptearret er dat as it om poëzij giet, mar aforismen binne syn persoanlik domein. As dichter haw ik dêr neffens him gjin ferstân fan. Soms bellet er wikenlang net, as ik it weage haw en gean dy grins oer. Gys makket eins altyd by oaren wat los. Ik haw noait immen sa lang swijen sjoen en ek noait immen sa fol fjoer oer syn eigen wurk fertellen heard. It giet mei him altyd oer de kearn fan it bestean, oft it no yn stilte of yn wurden is.
It lêste jier falle der koart achterelkoar twa minsken om him hinne wei dy’t in soad foar him betsjutte. Earst Dolf Bosch. Hy neamt him ‘mijn meester’. Bosch, dy’t learaar Nederlânsk is/wie, komt al ier op Gys syn skriuwerspaad en wurdt syn trouste harker en kritikus. Hy jout him de begelieding dy’t er as begjinnend skriuwer nedich hat. De tekst op de achterflap fan Dijkschaap is troch Dolf Bosch skreaun. Treffend seit er: ‘Met Dijkschaap hebt u een uitzonderlijk boekje in handen gekregen […] omdat Dijkschaap uitermate verrassend – en gevarieerd – is, naar zinsvorm, naar inhoud én concentratie van gedachten. Sommige van die gedachten hebben zelfs een hoog “schokgehalte”.’ Op side 42 stiet, achterôf besjoen, in foarbyld fan sa’n skok: ‘Vechten schuift de dood niet eindeloos voor zich uit.’ Mar daliks dêrûnder: ‘Aan elke levensdraad hangen voldoende reddingsboeien.’
Dijkschaap wurdt yllústrearre troch Helga Faber. Yn ’e selde tiid dat Bosch weifalt, is sy der samar ynienen ek net mear. Gys beskriuwt yn ien oade syn leafde foar beide. Dy stiet foaryn Loot, syn lêste aforismebondel dy’t net mear útjûn waard en dy’t wy dêrom yn syn gehiel opnommen hawwe.
Laatste ‘loot’
Liefste met je fijngesneden gezicht,
mijn scherpe blik heeft je trekken bewaard.
Je ogen richtten zich zo
op alles wat hoger lag:
moeilijk te bereiken was,
zelfs gegeven moeilijk.
Refrein
Alles wat je wilde,
alles wat je optilde:
je was te moe.
Mijn meester ook jij verloor,
juist de wens om lang
te leven niet vervuld.
Liefste met je fijngesneden gezicht,
hebt het leven in een dans vertolkt,
als verstrengelde mensen.
Meester jij was trefzeker,
je had veel rek in je,
was als gegeven voor mij.
Meester en liefste, ik heb verloren:
‘mensen’ die ik liever nooit verloor.
’t Schaap staat blatend op de dijk.
Tekening én achteraf,
daar mist de rek niet uit:
ik blijf tot mijn laatste ‘loot’.
(s…..)
De lêste jierren
De lêste jierren wurdt it noch swierder. Gys is opholden mei it medisyn litium. Ut ûndersyk docht bliken dat dat de nieren oantaast. Sûnder de litium krije wy in hiel oare Gys te sjen. It wurdt pynlik dúdlik wat de ynfloed fan dat medisyn op syn libben west hat. It hat him der jierrenlang ûnder holden, him sleau makke, syn gefoelens dôve. Ynienen is er folle oanwêziger, komt der mear libbenssin. De wrâld iepenet him, wurdt wylder, frijer. Gys begjint fûleindich te skriuwen. Njonken de aforismen komt der in floed oan gedichten op, lieten, oantekens yn proaza. Der komt in man tefoarskyn dy’t ik hielendal net ken. As krûpt er út in kokon. It wurdt wille en gekjeien. Sels beskriuwt er it yn in oantekening sa:
‘Ik ben vaak bang geweest. Te bang geweest om te leven. Mijn leven bruisde niet. De lithium hield de pieken ook tegen. Achteraf heeft de lithium toch wel een heel groot stempel op mijn leven gelegd. Het contact met mijn vader en moeder en andere familieleden verstoord […] Nu pas is mijn leven reëel. Nu pas kan ik leven. Nu pas heb ik kansen, nu ik mij ten volle kan uiten in mijn schrijven […]. Als Gysbert inderdaad de schitterende betekent, doe ik mijn naam wel eer aan.’
Mar miskien wurdt de wrâld, yndie, ek wol ‘killing’, want de oare kant is dat er folle gefoeliger foar depresjes wurdt. It libben wurdt wer libbe, mar mei mear risiko’s. Der komme grutte skommelingen. Hy is hieltyd minder by steat om it lykwicht tusken de many en de depressy te finen. No en dan moat er wer opnommen wurde, earst yn MCL-Noard, dan yn Frjentsjer, úteinlik yn MCL-Súd. En ûnderwilens mar skriuwe, as in idioat. Ien gedicht út dy tiid moat beslist neamd wurde. Hy lêst it my foar as er op in jûn út Frjentsjer wei opbellet. It giet oer de ferskuorrende ûnderfining fan de isolearsel, dêr’t er nei in oanfal fan agresje yn bedarre is. It giet ek oer de treast dy’t er kriget fan in ferpleechster dy’t him jûns syn iten bringt.
Lokkiger libben
Eangstme yn stilte besletten
stuts my hast del:
sy trochbruts it krekt op ’e tiid.
Joech myn fielen in laits
dêr’t ik in nachtlang
op tarre koe.
Mei har hier striek
sy by myn fertriet lâns.
Utsteksels fan in lokkiger libben
rekken my mei goedens.
Sy liet my efkes rêste
sadat ik skrieme koe.
(s….)
Op ’e dei dat er de jûns foar de trein springe sil, hat er yn it sikehûs te hearren krigen dat it better is om in skoft net op himsels te wenjen. De dokter seit dat iensumheid in part fan syn probleem is. It is better dat er foarlopich weromfalt op in foarm fan begelaat wenjen. Hy bellet dêr dyselde deis in pear minsken oer op, lilk en goed fan ’e kaart. Jierrenlang fjochtsje om op jinsels te wenjen en grutsk dat it al hiel lang goed giet, en dan soks. Dochs makket er dyselde deis al in ôfspraak mei Maatskiplik Wurk om de mooglikheden yn Ljouwert troch te praten. Sa is er, net te lang neitinke, daliks hannelje as it moat, want reëel genôch om te sjen dat it sa net fierder kin. Mar de diagnoaze wurdt him fataal. Oan it begjin fan ’e jûn komt er derachter dat syn medisinen hast op binne. Hy kin it net opbringe en rin sels nei it MCL. Hy bellet wat freonen op om te freegjen oft immen de medisinen foar him ophelje wol. Dat slagget net; gjinien thús of gjin tiid. Fol frustraasje giet er sels op paad. En dan is dêr de spoarline.
De jûns nei syn ferstjerren begjint it te snijen. Yn it lantearneljocht jaget en dûnset it del, soms sakket it stil. In byld fan Gys. De suverheid fan syn wêzen, de jachtige honger nei nije skreaune wurden, de keunst om as er him goed fielt troch it libben te dûnsjen en it swijen dêr’t er bytiden skoften yn sitte kin. De sneons dêrnei – it is de dei dat er fyftich wurden hie – is it moai sinneskynwaar. De snie is al hast fuortteit. Ik rin by de Potmarge del. De wrâld is sa stil en ynholden dat it liket as fiere de eleminten en de natoer, dy’t Gys sa faak brûkt hat om syn gefoelens en ideeën út te drukken, syn jierdei. Yn boskjes tjirgje de fûgeltjes har, sa’t Gys ek gekjeie koe. Dy jûns komt de snie op ’e nij mei bakken út ’e loft. De himel lit in deadskleed del. In heger plan wol my dúdlik meitsje dat it goed is. Nei lange jierren fan in swier lot kin er einlings de frijheid temjitte. Sa’t it gong is grouwélich, it fertriet snijt djip, mar bûten seit de natoer dat de wrakseling ophâlde moast en de siel befrijd.
Peaske en Pinkster
Gys wie in leauwich en ek tsjerklik man. Mei de grifformearde tsjerke fan syn jonge jierren brekt er al jong. ‘Niet de GOD van oudsher/Van die GOD snap ik geen moer!!’, skriuwt er yn Gevoelens uit Gys (s. 16). Jierrenlang, nei’t syn sykte him oppenearret en hy troch de earste hellen giet, fjochtet er mei God. Hy wol net akseptearje dat God ferantwurdlik is foar it ûnheil dat him en oaren oerkomt. Dy God swart er ôf. Mar hy giet troch mei te leauwen yn wat er yn Gevoelens uit Gys neamt, ‘de universele kracht’ (ibid.). Nei in lange wrakseling beslute Margo en hy har dope te litten yn de evangelise mienskip Elim. Letter, nei de skieding, as er werom yn Ljouwert is, siket er in nij tsjerklik fermidden. Hy reizget in skoft nei de Koepeltsjerke, in otterdoks grifformearde gemeente, omdat de dûmny dêr him doe oanspriek. Syn tsjerklik thús sil er úteinlik by de baptisten fine, earst yn de Trompstrjitte, letter yn de Parkstrjitte dêr’t syn útfeart ek holden wurdt, ûnder lieding fan Harry Nobbe. Dûmny Nobbe is him tige dierber. Gys lit him út syn aforismen lêze en Nobbe begjint se yn syn tsjinsten te brûken. As presintsje by it ôfskie fan Nobbe makket er it bondeltsje Zeven samen geschreven (1993), in rige fan sân aforismen. De titel drukt út hoe’t Gys syn skriuwen sjocht: as godlik wurk yn him, as in utering fan godlike kreaasje. It tredde fan de sân is syn grêfskrift wurden.
God: de zon die het heelal in groote overtreft.
Vleugels die verheffen, worden door God bewogen.
Wie bij het Woord schuilt, gaat betekenen.
Een open hemel heeft een zalig trappenhuis.
Bij de oorsprong inspiratie opdoen is pas origineel.
Heer, mag ik een hoeveelheid verdriet op Uw rekening overmaken?
Mensen zijn van goddelijke komaf, maar weigeren dikwijls groot te denken.
Foar Gys is Jezus de Kristus en Hear. Hy is net benaud om dêr foar út te kommen, likemin yn syn literêr wurk as by deistige moetings. Miskien is it dêrom net tafallich dat yn de dagen nei syn ferstjerren it getal fyftich in kear of wat opdûkt. De sneons, trije dagen nei syn dea, hie er fyftich wurde sillen. De oare deis, de sneins foar syn begraffenis, is it fyftich dagen foar Peaske. Fyftich, it getal fan Pinkster. Us wurd ‘Pinkster’ is de oersetting fan it Gryks bibelse wurd Pentecoste (it joadse pinksterfeest), dat ôflaat is fan pentecosta, dat fyftich betsjut. Pinkster falt op de fyftichste dei nei Peaske. Peaske stiet foar krús en opstanning, Pinkster is it feest fan de jefte en útstoarting fan de Hillige Geast. Krús en Geast, it grutte dilemma fan Gys syn libben. As it krús fan syn sykte net op syn paad kaam wie, hy er wierskynlik noait de oanstriid hân hie om te skriuwen, hat er my wolris ferteld. Dat makket syn eigen ferhâlding ta syn sykte sa dûbel. Oan ’e iene kant ferflokt er it krús. ‘Dat yn en yn ferflokte krús’, raast er út yn in gedicht. Oan ’e oare kant wit er dat de Geast krekt troch dat krús djip yn him komt, sadat er skriuwer wurden is en wêze kin wa’t er is. Sels beskriuwt er it yn it liet ‘Kristal’ sa:
Kristal
Vannacht zijn stukjes verstand
als zweetdruppels
uit mijn hoofd naar buiten gekomen.
Gedachten van kristal
die tonen wilden
wat van binnen plaatsvond.
(…)
Veel schrijven én alleen zijn,
is dat mijn lot?
Ik heb een kristalhelder antwoord:
Eenzaamheid voedt beelden.
Het bezweet zijn
hoort bij scheppingsdrang.
Vreugde moet er ook blijven:
je mag verbeelden.
Niemand blijft een gezond kunstenaar
als hij niet wijs doorvoed is.
Wie niet zweten wil
blijft levenslang alleen.
(s….)
Gys syn lêste, fyftichste jier kin mei rjocht in jubeljier neamd wurde. Yn it bibelse jubeljier litte de Israëliten de grûn braak lizze om God syn wurk dwaan te litten. It is in jier om elkoar skulden frij te skatten, om slaven frij te litten. Mei Gys is wat ferlykbers gebeurd. Syn wrâld leit it lêste jier folslein braak. De godlike ynspiraasje giet mear as oait yn him del en hy skriuwt foar ’t faderlân wei. Hy fielt him einlings de dichter dy’t er is. Syn toan wurdt wisser, de bylden riker, de yntinsiteit grutter. Tegearre meitsje wy plannen om yn ‘e maitiid in seleksje út syn gedichten en lieten te meitsjen. Dy sille wy oersette en sa in twatalige bondel meitsje. Wy binne der wis fan dat der in útjouwer foar te finen is. Nei Gys syn begraffenis lit Goasse Brouwer witte dat er it net-publisearre wurk fan Gys graach útjaan wol.
It hat noch jierren duorre foar’t it safier wie. Janny, Tineke en ik hawwe stadichoan alles wat der lei trochnaam en in seleksje makke. Wy liezen elkoar foar, praten deroer, fertelden elkoar ús ferhalen oer Gys. It wie rouferwurking en redaksjewurk tagelyk. Wy hawwe der de tiid foar nommen. Der kamen saken op ús paad dy’t makken dat it projekt stûke. Mar sa’t Gys it sels foarsei yn ien fan syn gedichten: ‘It friest tsien graden, mar myn fersen wurde sammele’ (In Streek fan swijen, s. 10). Hjir leit it, in earbetoan oan ús heit, broer en freon Gys Miedema.
Oer dizze bondel
It like ús passend om de titel fan dizze bondel te ûntlienen oan Spjeldepripkes, Gys syn
grutste súkses. Wy hawwe keazen foar it earste part fan it motto foaryn it bondeltsje: As in
wurd my meinimt, lit ik my gean, bin ik net mear te hâlden. Yn 1993 organisearre it eardere
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) in kallygrafy-projekt mei
dat motto. Ferskate (learling-)kallygrafen hawwe dy rigel fan Gys doe kallygrafearre. Der
kaam in útstalling fan yn it FLMD. Gys wie der grutsk op, want hy hold fan grafyske en
byldzjende keunst en woe altyd dat syn poëzij ûnder de minsken kaam en fierder brocht
waard. Dêrom hat er mei inkele keunstners rigen ansichtkaarten makke (sjoch list mei
publikaasjes): aforismen en skilderkeunst yn ien byld. Yn dy geast hat Janny Miedema, Gys
syn dochter, it omslach fan dizze bondel ûntwurpen.
Wy hawwe trije skiften yn de bondel makke: aforismen, haikû en oare fersen. De opbou is dus fan lyts nei grut, fan kompakt nei wiidweidich. Yn de aforismen hawwe wy seis katernen makke. Dy binne ynjûn troch it net-publisearre materiaal dat Gys ús neilitten hat: de bondels Loot en Water, Wind en Diepte, dêr’t er konkrete plannen foar hie om se te publisearjen; in rige mei aforismen skreaun op Kreta; in rige mei religieuze aforismen, dy’t wy Zalig Trappenhuis neamd hawwe; twa rigen mei aforismen sûnder titel, dy’t wy De Rand van dit Bestaan en Gedachten neamd hawwe. It skift mei gedichten hawwe wy ûnderferdield yn Frysk- en Nederlânstalich wurk. Bûten dizze twadieling yn Frysk en Nederlânsk binne de gedichten gronologysk oardere, alteast foar safier’t wy neigean koenen.
Gys syn Frysktalige aforismen, publisearre yn Frysk en Frij en yn de bondels Spjeldepripkes en Omwrotters, wienen allegear oersettings (sjoch earder). Poëzij en lieten skreau er lykwols de lêste jierren wol yn it Frysk, al liet er se altyd korrizjearje. In part fan de neilitten Frysktalige teksten dy’t wy yn de foarlizzende bondel opnimme woenen, moast noch korrizjearre wurde. Dat is dien troch Tsjisse Hettema, ûnderskreaune en Goasse Brouwer. Njonken needsaaklike korreksjes yn stavering en grammatika hawwe wy in inkele kear yngrypt yn de wurdkar. It gie dan hieltyd om datearre Fryske wurden, lykas ‘efter’, ‘efkes’ en ‘ea’, dêr’t wy ‘achter’, ‘even’ en ‘oait’ fan makke hawwe. Wy hawwe dat dien yn de wittenskip dat Gys altyd iepen stie foar reedlike arguminten as it gie om it liniger meitsjen fan syn Frysk.
Oan it begjin fan de ynlieding haw ik steld dat dit in bondel is mei neilitten-, net-publisearre wurk. Dat jildt net hielendal foar de aforismen. Gys fûn it gjin beswier om as it sa útkaam guon fan syn âlde aforismen te brûken yn nije útjeften. Omdat eins alles wat er útjoech yn eigen behear gie, wie dat fierders gjin beswier. Yn de fjouwer bondeltsjes mei aforismen dy’t wy hjir opnommen hawwe, en dy’t sa’t ik opmurk printree leinen, komme dêrtroch guon aforismen foar dy’t al yn eardere bondels publisearre waarden. It like ús net korrekt om, tsjin de geast fan de skriuwer yn, dy der tuskenút te heljen.
Guon lieten fan Gys binne op muzyk set. Der besteane opnames fan, bygelyks fan ‘Skrieme en Laitsje’ (kopybondeltsje, s…) en ‘It Liet fan Langstme’ (kopybondeltsje, s…), beide songen troch Bennie Huisman en by Tresoar op dvd te beharkjen. In pear nûmers binne spile by de oanbieding fan dizze bondel op 14 novimber 2009 yn it tsjerkje fan Blessum. Dy binne te beharkjen op de website fan Tresoar, lykas in fraachpetear mei Gys oer Spjeldepripkes, dat yn 1992 troch Henk te Biesebeek foar Omrop Fryslân holden waard.
Ta beslút, nochris, dit is gjin bondel om de strange mjitlatte fan de literêre krityk bylâns te lizzen. Wa’t dat docht, begrypt net wêr’t it hjir om giet. It is in poëtysk portret fan it libben fan in dichter-aforist, fan it úthâlden fan dit libben, fan de soms ripe, soms hurde fruchten dêrfan. Wy hoopje dat elk der syn eigen juwieltjes úthellet en dat it foar dejingen dy’t Gys persoanlik kend hawwe in weromreis wêze mei nei dielde, dierbere mominten. Underwilens reizget Gys fierder oer de wrâld. Yn Dictionary of Wit and Wisdom, in grut sitateboek dat yn 2009 ferskynt by Beautiful Books yn Londen, steane 18 aforismen fan Gys, oerset troch David Potter en Gerd de Ley. Ik sitearje ta beslút in tal aforismen út de rige Ingelse oersettings dy’t Gerd de Ley my ûnder it skriuwen fan dizze ynlieding tastjoerde.
Perfectionist - someone who looks for the hole in a transparent window.
Manager - an artist who has inspiration worked out by others.
Silence is the punctuation of conversation.
Pride is a weak spine for a straight back.
Reality is a daily mystery.
Trampoline - dance floor for optimists.
He who misses the last bus, can easily catch the first one.
Beware of time: it may want to kill you.
Face - the focus of an answer.
Syds Wiersma,
simmer 2009