Gys Miedema
  • Home
    • Memoariam Gys Miedema (1951-2001)
  • Aforismen
    • Pas op de plaats (eerste helft 1999)
    • Verzamelplaats voor besef (tweede helft 1999)
    • Liever een strohalm (2000)
    • De rand van dit bestaan
    • Kreta (oktober 2000)
    • Gedachten
    • Zalig trappenhuis
  • Gedichten
    • Nederlands
    • Frysk
  • Liederen
    • Nederlands
    • Frysk
  • Haiku's
  • Uitgaven en Publicaties
    • Bundels: aforismen
  • Gastenboek
  • Contact

Troch en troch


Oan hjoed kinst reitsje,
yn ’t ferline ferdwale,
de takomst nei dy talûke:
alle trije binne betreklik.
Wurd yn it foarbygean
net sleau, driuw it wurd net foarby,
dan skriuwt God in gedicht yn dy.
Hjoed leart de tiid dy,
wat tiid ek ynhâldt.
God hat dyn tiid
net foar neat krúst
mei syn genede.
Libje hjoed
mei de wille
en it fertriet
datst noadich bist,
libje troch en troch.

Foto

Feilich?



Myn hûs draait
om my hinne
as in kolk
hast fyftich jier lang,
myn iere jierren útsûndere.
Ik gie soms
te rjocht op see ôf.
Ek wie it by my gewoan
dat ik der as in jonge hûn
yn opspatte.
Beide kearen moast ik
tsjin ’e brâning
belies jaan.
Letter kaam der
in see fan tinzen
oer my hinne,
dat joech my romte.
Lykwols hold ik de holle
krekt boppe wetter.
De boartlike hûn ferdwûn net,
it stik ûnferstân, mar ik haw
út dy kadâns begrepen
dat ik in man bin
dy’t hichten en djipten
hâlde moat,
oars wurdt er wei
yn it feilige midden.















Omslach

Dize
oer it fjild
fan myn lok.
It gefang
lûkt in skeane mûle.
De kazerne
dêr’t ik wenje
ferskûlet him
achter it griis.
De sinne bliuwt
ûnsichtber
hast in oere
triuwt dêrnei
it ljocht
op myn finsters ta.
In wrâld yn dy’t ik
al yn my fêstlein hie.
De sinne suveret
yn in omslach
it antlit
fan it
útdaagjende bolwurk.

Thúsbrocht


Fannacht
teldesto
myn noastergatten,
kaamst op twa.
Heardest my snoarkjen,
hast my wekker makke.
Wiest benijd
hoe’t ik myn eagen
iepenslaan soe.
Fannacht glimke ik,
yn ’e iere moarn
bin ik net oars:
ik fiel my grut
thúsbrocht troch dy.




Foto

Noait ferlern



Myn hûs hat my ferlitten.
De eleminten hawwe my
trochinoar slein.
Brutsen emoasjes krieten
de himel yn, God temjitte.
Ik wie yn opstân,
haw my even tjirge!

Tûzen minsken
krústen myn paad.
Ik haw fochten
as om myn libben,
moast belies jaan.

Hannen bûnen my,
dêr’t ik gjin fêstichheid
hâlde koe.
In mins mei gâns ferstân
hie myn wêzen
troch en troch fersteurd.

Myn grime smoarde
tagelyk mei it delbêdzjen
fan myn wurden.
Ik ferhurde my net,
haw him troch de need-
yngong wer 
yn myn libben
talitten, om’t
hy ynfielt wat lijen is.

Myn God wreau oer myn
eangstme, moanne my
ta rêst. Sil myn hûs
wer om my hinne passe,
myn geast útsjoch jaan.
Ferlern reitsje yn
benearing
heart net by ús thús.

Ik leau yn in God dy’t
my libben jout en joech.
Mei him sil ik it klearje.
Hy heart nei my,
myn hoeder en myn God.




© copyright: Erven Gys Miedema
Powered by Create your own unique website with customizable templates.