Eveline
De stêd is leech, neonljocht blierket yn ’e rein.
Affysjes mei dyn gesicht komme oeral op my ta.
Maskara ûnder de eagen,
triennen op wangen.
Ach, koe myn ferlangen
dyn eagen mar dreagje!
Dyn foto is folslein,
dyn klean sitte as getten.
Dyn lok is tenein,
Eveline, do bist ferslein.
refrein
Eveline, dyn ballade is in maskerade.
Eveline, dyn ballade makket my wurch.
Eveline, jou mar ta
datsto no ek iensum bist!
Eveline, dyn ballade is in minne maskerade!
Op toaniel yn it folle ljocht sitst finzen.
Alle oandacht op dy rjochte, binne dat faaks dyn grinzen?
Dyn glim makket dy populêr.
De show in kick, Eveline,
mar wit fan wat en wêr
en tel earst oant tsien.
Eveline, myn leaf,
do stiest foar gek!
Want rom is in tsjeaf,
hy stelt it ljocht út dyn eagen ek.
De stêd is leech, neonljocht blierket yn ’e rein.
Triennen op dyn gesicht, affysjes ferdwûn.
Wy dûnsje wer ljocht yn dyn eagen
en jouwe de kick hjeljûn!
Eveline, droegje dyn triennen
en slach dyn earms om my hinne.
In stjer yn nije baan,
Eveline, mei my!
Want leafde is jaan,
Eveline, fjochtsje dy frij!
Doel yn en om my
Ik leau, ik bin de smjunt fan hjoed,
de junky dy’t syn himel makket.
De dief dy’t ferlern syn straf útsit.
Allegearre byinoar is dat it iennige
dat yn myn libben bart
as ik myn eigen wei gean soe.
refrein
Leafde is wat ik noadich haw,
oars kom ik yn myn dieden om.
Ik moat lieden wurde
troch Gods Geast, troch de Geast fan God.
Ik bin net better troch wat ’k wit,
it libben is gâns in oar ferhaal.
’k Gean faak mei fan alles oan ’e haal.
Op mominten mei ’n soad striid bin ik grif dejinge
dy’t de dwerse is en docht
as liet hiel it leauwen him kâld.
Ik stean lykwols oars yn ’t libben,
libje net nei wat ik fertsjinje.
Utwrydsk dwaan benearet my net,
’k lit it ljocht, it doel yn noch om my hinne bedjerre.
Gods Geast jou ’k de lieding:
Jezus pleitet dochs ek foar my!
Piste
Jûn bin ik helder wurden,
kin ’k wer neitinke.
Tel wer de rigels
foar in nij te skriuwen fers:
hjoed lei ik útteld,
koe ik nimmen om my hinne ferneare.
refrein
Liuw, ik leau yn dy,
mar do makkest
my net lokkiger
mei dyn wylde halen.
It is let mar it bêd lûkt net,
dan bliuw ik omslaan
bûten de rigels om.
Libje ik yn in piste:
moat wurden bedimme,
snedich bring ik se mei myn swipe te plak.
Moarn gean ’k in nij gefjocht oan,
ik hâld wis oan.
Tel de driging net.
Ik wit ik bin de liuw:
jûn beslist net te bedimmen.
Feroarje moat ’k mysels, beslist nimmen oars.
Help my
Myn leafste komt hjir hjoed
en ik bin mar al te mak
yn wat ik har te jaan haw,
leafde op it geastlik flak.
De leltsjes fan har earen
net oanreitsje
al te pasjonearre.
Ik wol har net gek meitsje,
lit myn wurden har reitsje,
lit myn wurden har reitsje.
refrein
Leafste,help my,
help my ferstean,
help my gean.
Help my, myn leafste,
net te hastich
mei dy om te gean.
Ik wol my deljaan
oan de ein fan har earen
en troch it begjin
fan wurge eagen.
Leafste, ik oanbid dy sa bot
dat it my myn ik benimt,
jou it oan ús liven oer
dat wy nei de himel klimme,
in takomst temjitte
dy’t net te mjitten is
en ús rom oer de streek lûkt.
brêge-refrein
Leafste, do moatst witte
dat om ús herten hinne
mysterieuze sirkels rinne
dêr’t wy yn dûnsje.
In dûns dêr’t wy net
oan ûntsnappe kinne.
Fredesstik
refrein ’k Wol net fan hjoed útgean, yn myn eangstme fersûpe, o nee! ’k Sammelje alle moed yn my tsjin de benearing en foar Jo folheid. ’k Meitsje it net wer tsjuster! De ivichheid lûkt ek oan myn tiid. ’k Wol dy wrâld troch my hinnelûke: in fredesstik yn my tekenje dêr’t leafde as hillige inkt ynkringt. My fernuverje oer alle goedens: driuwen bliuwe ek op in wylde see. Sa nei dy ivichheid driuwe, rjocht each foar de wrâld hawwe. Sjen bliuwe op wat bart. De tiid mei ûntsiferje. Fan my ôfskodzje wat net wier is. Sa myn eigen besluten nimme, myn eigen grime farre litte. In fredesstik yn my tekenje. Sa mei al Jo plannen spylje. Muzyk, ja muzyk sil ik meitsje. Gjin dei sil mear gelyk wêze: toanen sille klinke. Minsken, minsken hear, hear dochs nei myn spyljen. ’t Binne gjin toanen fan gelyk. Hear dochs foarby myn spyljen. Jou my de romte om lûd te sjongen fan al de dieden dêr’t God mei komt. Gods gelyk bespilet myn lok: wy meie dochs ús lok ferspriede. Yn in brûzende wide see soan wêze fan de grutte God dy’t mei Syn leafde lûkt oan elk mins, ja oan elk mins. ’t Binne wurden fan Syn gelyk, wurden fan Syn hillige namme, yn in toansetting fan Syn grutte ryk. Tekenje dochs dat fredesstik. Foarby ús dieden leit Syn ryk. Dêr’t wy ta dieden komme meie. Meie hjoed de dei ferjitte, ek moarn dêr’t wy neat fan witte. Elk mins is Sines. Dy dagen sille komme. Sprek der fan en bin der bliid oer. Al syn folgelingen binne al klaaid: wy sjogge allinne noch net har gewaad, mar der wurdt lutsen yn in hurde striid. Sa lutsen wurde, sa yn en yn, makket ús no al tige bliid. Sa in byld fan de himel krije, is tiid yn ivichheid. Wy ferbaze ús oer de romte om ús hinne yn de leafde ticht by ús God. God dy’t mei tekenet yn ús fredesstik. Hy hat nea in God fan ferliezen west. Leafde troch en trochLeavje de minske sa bot datsto yn elts minske hast komme kinst. Leavje se, leavje se! Ek dy’t dy tenei kommen binne. Sadat it byld fan de mins yn dy mylder en mylder wurdt. Leau mei dyn folsleine leafde dat der foar eltsenien nij libben komt. refrein Leau yn de mins, mar boppe-al yn God, yn God dy’t minske west hat. Jou de Jona yn dy gjin kâns: gean op ’e nij sitten ûnder in beam, leau yn Ninevé, leau yn dizze wrâld. Leavje har, leavje har, watst ek te krijen hast mei de wrâld. Feroarje ek dyn grime yn leafde. Leavje de minske sa bot datsto net wolst dat ien bern ferlern giet. Leavje se, leavje se sa dat troch dyn leauwen Gods grime ferdwynt. Feroarje dyn sicht op ’e wrâld. Leavje de minske folslein sadat it eltsenien goed dwaan sil, lûk it minsdom mei oer de streek. Hy hat dochs ek alle grime fan de minsken oer Him komme litten. Hy hat ús sa leaf, siket foar ús nij libben. Leavje Him dêrom sa bot. Dat Hy net om Syn leafsten hinne kin en wy witte úteinlik ek wol dat Hy ús allegearre yn it wyt klaaie wol. brêge-refrein Der libbe in Hitler, der libbe in Pol Pot, ek in Ghandy en in Marten Luther King: leavje se, leavje se allegearre, leavje se, leavje se. Sadat ús lijen tsjin Gods lijen weistrepe wurde kin, leavje, leavje troch en troch om nij libben te krijen.
|
Efter my
Ik lit Fryslân efter my,
skyl de sipel.
Lit de Aldehou ferwurde,
dy krijt dochs net de eare
dy’t him takomt.
Sakje nei it suden
dêr’t ik myn dagen
slite wol.
refrein
Ik lit it flakke lân
efter my,
op nei it Suderlân,
ferdylgje dêr myn blues.
Lit de greide efter my,
de kâlde stêd.
Lit Ljouwert himsels ôfbrekke.
Dêr wolle se net om lyk,
dogge tekoart
oan har moaie grêften.
Wier ik wit it wol,
Suderlân.
Oan de Middellânske See
is te libjen.
Lit Ljouwert himsels ôfbrekke.
’k Wol ’t silhûet fan it doarp kwyt,
fan ’e kaart ôf.
’k Sjoch op nei de bergen,
mei myn blues kom ’k klear,
Suderlan.
Wier ik wol hjir moarn wol wei,
sipelskile.
De Aldehou ferwurde litte.
Ik wit hy leit my it tearst.
Hjir gjin takomst,
nei it suden sakje,
de blues ferjitte,
Suderlân.
skyl de sipel.
Lit de Aldehou ferwurde,
dy krijt dochs net de eare
dy’t him takomt.
Sakje nei it suden
dêr’t ik myn dagen
slite wol.
refrein
Ik lit it flakke lân
efter my,
op nei it Suderlân,
ferdylgje dêr myn blues.
Lit de greide efter my,
de kâlde stêd.
Lit Ljouwert himsels ôfbrekke.
Dêr wolle se net om lyk,
dogge tekoart
oan har moaie grêften.
Wier ik wit it wol,
Suderlân.
Oan de Middellânske See
is te libjen.
Lit Ljouwert himsels ôfbrekke.
’k Wol ’t silhûet fan it doarp kwyt,
fan ’e kaart ôf.
’k Sjoch op nei de bergen,
mei myn blues kom ’k klear,
Suderlan.
Wier ik wol hjir moarn wol wei,
sipelskile.
De Aldehou ferwurde litte.
Ik wit hy leit my it tearst.
Hjir gjin takomst,
nei it suden sakje,
de blues ferjitte,
Suderlân.
Soarch
Ik ha dyn fêste hân bewûndere,
sil myn wurden beheine
omdatsto soarch foar my hast.
Do sjochst hoe’t ik my
út myn pine besykje te wuoljen.
Sjochst yn myn dûns ek myn krêft.
refrein
Stil sil ik wêze by dy:
hoedzje my in bytsje.
Ik fiel by dy rêst,
do joust my dyn swijen.
Ik haw safolle minsken om my hinne
dy’t myn stilte ferbrekke.
Do sjochst djipper yn my,
hast wol troch my hinne.
Do witst dat ik kontakt mei dy sykje.
Efkes in freon docht gjin kwea.
Dyn beskieden omgong wol ik diele:
ús sympaty jildt foar hjir.
Fierder giet myn langstme net.
Ik woe sa graach sjen
datst myn skriuwen beleanje soest.
Tsjinfalle kinsto net.
Bist in famke berne yn myn wrâld.
’n Bern dêr’t ik fan leare wol,
net berne foar ferplichting.
Ik sjoch nei dy út.
Do famke, ’k sis wier gjin wurd tefolle,
anderje dochs, want ik rop!
Wy skriemden
Seefûgels dûkelen oer de strjitte,
drukten my op it ferline:
yn in plasse seach ik
myn famke foar my stean.
refrein
Se struts troch it hier,
seach oer it skouder.
Wy stienen each yn each
en skriemden.
Blêden dwarrelen mei ús mei,
wy wienen oe sa brekber:
har bousels inkel sân,
myn wrâld wie in oar lân.
Se flechte de stêd yn,
hoopjend op in nij begjin.
Yn in stille strjitte
kaam se dreech ta harsels
brêge-refrein
Blêden dwarrelen mei ús mei,
wy wienen oe sa brekber.
Yn in stille strjitte
kaam se dreech ta harsels.
drukten my op it ferline:
yn in plasse seach ik
myn famke foar my stean.
refrein
Se struts troch it hier,
seach oer it skouder.
Wy stienen each yn each
en skriemden.
Blêden dwarrelen mei ús mei,
wy wienen oe sa brekber:
har bousels inkel sân,
myn wrâld wie in oar lân.
Se flechte de stêd yn,
hoopjend op in nij begjin.
Yn in stille strjitte
kaam se dreech ta harsels
brêge-refrein
Blêden dwarrelen mei ús mei,
wy wienen oe sa brekber.
Yn in stille strjitte
kaam se dreech ta harsels.
Mule Variations
Dizze dei ferdwûn ik yn Tom Waits,
dy’t my neat wiismeitsje wol.
Hy is, tinkt my, eigensinnich,
ferdraait syn wurden net foar ús.
Skûlje yn syn hutte doch ik hjoed.
Fertsjinje folslein myn rêst.
Hear nei de blues dy’t er spilet.
’k Bêdzje del, wy bliede net, o nee.
refrein
Tom Waits spylje foar my dyn
ynrauwe song, sadat myn hert
djip yn dyn wurden terjochte komt.
Dyn blues leit net te djip foar my.
Dyn ferskaat oan klanken rekket my:
sigarettereek en in soad drank
ha dyn lûd mei omfoarme.
Dyn wurden binne rjocht keazen.
Wy reitsje beide oan in wrâld
mei in gjalp dy’t heard wurde mei:
glâns oer sêdens lizze is keunst.
Do spilest net mei dyn spyljen.
Leist dyn fertriet oars foar ús del.
Dyn fersen ferlieze net oan krêft.
’k Bêdzje del, wy bliede net, o nee.
brêge-refrein
Tom Waits bliuw yn my hingjen sadat
myn blues yn my oplibje mei.
Ik bin yn ’t libben oare paden gien.
Ik bin dy hjoed tsjinkommen.
Hearre silst myn wurden wol net,
ferwûnderje oer my is in te grut wurd.
Dêrfoar is ús ôfstân te fier.
Under my ûntploft wer in liet.
Priuwen bliuwe, sêd wurde wy nea,
blues bringt blues mei har mei.
Dêr passe wy mei ús twaen wol yn.
Safolle fielen trochinoar.
Skûlje yn dyn hutte doch ’k no ek.
’k Fertsjinje myn rêst hjoed.
Do makkest myn wyldens tear.
’k Bêdzje my del, wy bliede net, o nee.